Himp fûn yn Houtigehage

16 feb 2011 - 09:58

De plysje hat yn it hûs fan in 71-jierrige ynwenner fan Houtigehage in hennepkwekerij fûn. Yn de dûs stiene 150 planten, wylst yn de skuorre 250 planten fûn waarden. Ek waard in pûde mei hast 700 gram droege hennep fûn.

Alle hennep is ferneatige, krekt as de byhearrende apparatuer. De bewenner is troch de plysje oppakt. De plantaazje waard fûn nei in tip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)