Steaten te sjen op Omroplive

16 feb 2011 - 09:51

De lêste gearkomste fan provinsjale steaten foar de ferkiezings fan 2 maart is woansdei de hiele dei te folgjen op ús temakanaal Omroplive.nl.

Ien fan de earste agindapunten op dizze gearkomste is 'Utspraken hear Galema'. It giet hjirby fansels om de kommoasje dy't ûntstie nei oanlieding fan útspraken fan deputearre Galema oer de weryndieling. Fierder wurdt praat oer de ynset fan Falcon Middelen en de stimulearringsregeling fundearringsherstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)