Action Skoatter ferstoarn

15 feb 2011 - 14:12

Action Skoatter, it meast ferneamde drafhynder fan Fryslân, is ferstoarn. De skimmelmerje fan Eelke Kruis en Evert Gaastra krige al gau de bynamme 'de Vliegende Friezin'.

'Us Action' mei pikeur Appie Bosscha op de sulky wie in draver mei in hiele protte snelheid. De keninginne fan de baan wûn tusken 1985 en 1993 in protte topkoersen en fertsjinne dêrmei mear as in heal miljoen euro oan prizejild. Action Skoatter waard keazen ta hynder fan de 20ste ieu.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)