Undersyk nei wolwêzenswurk

15 feb 2011 - 11:53

De gemeente Hearrenfean komt mei in ûndersyk nei it wolwêzenswurk. Oanlieding binne de plannen fan 'e gemeenteried om dêr yn 2014 twa ton op te besunigjen.

It ûndersyk moat ûnder oare in antwurd jaan op de fraach hoe't wolwêzenstaken it bêste organisearre wurde kinne. De gemeente Hearrenfean wol ek witte hoe't der kosten besparre wurde kinne yn it wolwêzenswurk. It wolwêzenswurk op It Hearrenfean wurdt útfierd troch Caleidoscoop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)