Alderein Snits ferhuzet

15 feb 2011 - 07:28

Tiisdei ferhúzje de earste 14 bewenners fanút soarchsintrum Frittemahof yn Snits nei in nij fersoargingshûs yn de Noaderhoek, ek yn Snits. Spesjaal foar dy 14 nije bewenners is der tiisdei ek al in iepeningsfeestje.

Soarchsintrum Frittemahof wurdt opknapt. Der wurdt 19 miljoen euro ynvestearre yn 54 nije apparteminten en 68 wenningen. De operaasje duorret oant en mei 2013.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)