Wer auto boppe op peal
Der is moandei oan de ein fan de middei op 'e nij in auto op de beweechbere peal yn it Ruterskertier yn Ljouwert botst. In lytse frachtwein ried achter in bus oan, nettsjinsteande alle ferkearsbuorden dy't derfoar warskôgje dat net te dwaan.
Nei't de bus de peal passearre wie, kaam de peal omheech en klapte de frachtwein der boppe op.