Novolectriq wol dochs bliuwe

14 feb 2011 - 18:31

It bedriuw Novolectriq komt oer oardel wike mei nije plannen foar de lokaasje yn Ljouwert. Dat seit direkteur Egbert Wissink. Moandei waard bekend dat it bedriuw de ûntwikkeling fan elektryske auto's ferpleatst hat nei Brabân.

Goed tsien minsken binne harren baan kwytrekke en it bedriuw op De Hemrik stiet leech. Gemeente en provinsje hawwe in soad dien om it bedriuw nei Ljouwert te heljen. Neffens de direkteur is it dan ek net sa dat se definityf de doarren ticht dogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)