Untslaggen De Vries
Fan de 47 meiwurkers dy't langer as 15 jier by De Vries Kezinen op 'e Gordyk wurkje, meie 40 man ûntslein wurde. Dat hat de kantonrjochter moandei sein.
De sân oare meiwurkers meie net ûntslein wurde. Derfoar moat in oare oplossing fûn wurde. De Vries wol fanwege de minne ekonomyske tiiden 124 minsken dien jaan. Yn de oare saken hat de rjochter al earder útspraak dien.