Van der Heide nei Cambuur

Marco van der Heide
Cambuur hat foar folgjend seizoen Marco van der Heide oanlutsen. Van der Heide komt oer fan topklasser Flevo Boys. Dêr foel hy ôfrûne seizoen goed op, wêrnei't hy tegearre mei Martijn Barto meitrainde by FC Zwolle. Sawol Barto as Van der Heide ha no dochs foar Cambuur keazen.
Van der Heide is in 22-jierrige middenfjilder dy't earder foar Drachtster Boys spile.