Fragen VVD oer Novolectriq

14 feb 2011 - 17:10

De VVD yn de ried fan Ljouwert wol opheldering fan it kolleezje oer it ferdwinen fan it bedriuw Novolectriq.

It bedriuw dat him dwaande hâldt mei de ûntwikkeling fan elektryske auto's waard ferline jier mei in soad tamtam nei Ljouwert helle. Mar moandei waard bekend dat it alle aktiviteiten ferpleatst wurde nei Oosterhout yn Noard-Brabân. Omdat Ljouwert ferline jier spesjaal foar de komst fan Novolectriq in hal oankocht hat foar de wurksumheden wol de VVD antwurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)