Scooter troch rút Mediamarkt
By de Mediamarkt op winkelsintrum De Sintrale yn Ljouwert hat in 19-jierrige man mei in scooter moandei in rút stikken riden. Doe't in befeiliger op de jonge tarûn, naaide hy út mei help fan in jonge op 'e fyts.
Nei in Burgernet-aksje is de Ljouwerter letter op de middei thús oanhâlden omdat er it plak fan in ûngelok ferlitten hie. De scooter is yn beslach naam.