Jildpine foar iistidemuseum

14 feb 2011 - 15:18

It iistidemuseum yn Bûtenpost hat it finansjeel dreech. Om wat sinten binnen te krijen woe it museum de tagongspriis fan 50 sint oant 1 euro ferheegje, mar dat mei net fan de gemeente Achtkarpselen. Sûnt 2005 sit it museum by de Krûdhof yn Bûtenpost.

Jan Kloosterman, de foarsitter fan it museum, fynt dat de gemeente it museum tsjinwurket. Earder waard ek al it winkeltsje ferpachte oan Talant wêrtroch it museum noch mar kwalik jild fertsjinnet oan wat sy ferkeapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)