Grutte soargen garnalefiskers

14 feb 2011 - 13:48

Fryske garnalefiskers meitsje harren bot soargen oer de takomst. It ryk hat plannen om fiskgrûnen yn en boppe de Waadsee werom te jaan oan de natoer.

Yn dizze gebieten mei dan net mear fiske wurde. Lanlik wurdt in kwart fan alle fiskgebieten ferbean terrein foar fiskers. Troch it ferbod komt der in oerskot oan fiskersskippen. De garnalesektor wol dat it ryk in kompensaasjeregeling en in sanearingsregeling makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)