Hermans: spyt fan Suderseeline

14 feb 2011 - 11:11

Loek Hermans tinkt dat it Noarden der noch bot spyt fan krije sil dat de Suderseeline der net kaam is. Hermans sei dit moandei op it Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Ald-kommissaris Hermans wie dêr te gast by learlingen dy't it alternative lesprogramma Maatschappij en Media folgje. Mei dy lessen krije se ynsjoch yn de media.

Se koene as echte sjoernalisten alle fragen stelle dy't se woene oan de VVD-listlûker foar de Earste Keamer út Beetstersweach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)