Prikkedaam:motorriders ferwûne

14 feb 2011 - 10:30

Op de motorcrossbaan oan de Prikkedaam yn Makkingea binne sneintemiddei twa motorriders ferwûne rekke. In ynwenner fan Denekamp (18) wie by in sprong fan in motor mei sydspan oer in bult út de bak fallen. De motor mei sydspan sloech oer de kop en bedarre boppe-op de bestjoerder (20). In motorrider dy't koart dêrnei ek oer de bult sprong, koe de man net ûntwike en ried mei de motor oer him hinne.

Beide ferwûnen binne mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)