AB Fryslân: omset 75 miljoen

Utstjoerburo AB Fryslân & Noard-Hollân hie yn 2010 in omset fan 75 miljoen euro. Dat is 7,5 % mear as yn 2009.
Neffens de direksje begûn 2010 net al te bêst mei de ekonomyske delgong en de minne omstannichheden yn de bou. Yn de rin fan it jier werstelde de merk him lykwols. Payroll is de hurdst groeiende tsjinst mei in 90 % hegere omset. By Payroll werve de wurkjouwers sels harren meiwurkers en litte se de administraasje oer oan AB.