VC Snits nei heale bekerfinale
De folleybalfroulju fan Snits ha de heale finale helle fan it nasjonale bekertoernoai. Yn de kwartfinale wûnen de Snitsers mei 3-0 fan de nûmer trije út de B-League Set Up '65 út Ootmarsum. Setstânnen wiene 17-25 18-25 en 15-25.
Wa't de tsjinstanner is yn de heale finale en wennear't dy spile wurdt, is noch net bekend.