Amels wint NK heechspringen

13 feb 2011 - 17:28

Heechspringer Douwe Amels fan Impala Drachten is sneon yn Apeldoorn Nederlânsk Kampioen heechspringen wurden. Hy helle in hichte fan 2,13 meter. Amels fersloech dêrmei fiiffâldich kampioen Jan-Peter Larsen fan atletykferiening Lion út Zoetermeer. Dy sprong 2,10 meter.

By de froulju helle Nikki May Woudstra it brûns. De ynwenster fan Wolvegea sprong 1,75 meter, wylst winner Nadine Broersen de winnende hichte fan 1,81 meter helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)