Mariska Kramer 5e yn Schoorl

13 feb 2011 - 16:43

Atlete Mariska Kramer fan Drachten hat snein op de 10 kilometer yn Schoorl in fyfde plak helle. Se rûn de 'Groet uit Schoorlrun' yn in tiid fan 34,24. De wedstriid hie in ynternasjonaal karakter mei bûtenlânske dielname. Winner waard de Grykse Michelle Ross-Cope yn 33,31.

Kramer is yn tarieding foar de maraton fan Utert op 25 april. Dêr kin se har kwalifisearje foar it WK maraton yn Súd-Korea, letter dit jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)