Snits Wyt Swart wint mei 4-2

13 feb 2011 - 16:15

Fuotbalhaadklasser Snits Wyt Swart hat snein RKHVV út Huissen mei 4-2 ferslein. De Snitsers skoarden yn de earste helte alle doelpunten. Op Sportpark Tinga iepene Klaas Schotanus yn de 27e minút fan 35 meter de skoare, dêrnei makken yn in kertier Ramon Giró Batalla, Freerk de Jong en Rene Geertsma de oare doelpunten.

Mei rêst stie it 4-1. Nei in twadde útdoelpunt kaam de twadde oerwinning dit seizoen foar de ploech fan Johan Groote net mear yn gefaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)