Wer gjinst foar VC Snits

Fenna Zeinstra (foto: AWfoto-André Weening)
Op 'e nij wie der in ferlies foar de Snitser follybalfroulju yn de Dela league. De ploech fan trainster Petra Groenland ferlear sneon yn Apeldoorn mei 3-0 fan Kindercentrum.
De Snitsers hawwe dit kalenderjier alle wedstriden ferlern, de lêste oerwinning wie fan 11 desimber tsjin King Software. De setstannen wiene yn Apeldoorn: 26-24, 25-7 en 25-20.