Dief trappearre yn Mediamarkt

13 feb 2011 - 14:23

In Ljouwerter (20) dy't sneon besocht by de Mediamarkt yn Ljouwert in spulkompjûter te stellen, is betrape. Hy hie it apparaat út de doaze helle en ferstoppe ûnder de klean. Personiel fan de winkel hie dat sjoen. Doe't er de winkel út soe, waard er oanhâlden. Hy hie tongersdei en freed ek al spulkompjûters stellen.

Ut in hûs oan it Ankerplak yn Frjentsjer binne sneontenacht kompjûters en software stellen. De ynbrekker hat in doar forsearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)