Fernielings Burgum en H'garyp

13 feb 2011 - 14:12

Yn Burgum binne sneontenacht tal fan saken fernield. Auto’s, strjitmeubilêr en guod by huzen oan de Tuorrebout waarden fernield. Ek waard in betonnen peal op de rydbaan smiten, in elektrisiteitssnoer waard tusken in auto en in boom fêstmakke.

Letter waard ek guod oan auto's fernield yn de omkriten fan de Slachtedyk yn Hurdegaryp. Der binne konteners omsmiten. It is ûnbekend hoe grut de skea is. De plysje siket tsjûgen en docht ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)