Zoodsma yn byld by Oranje

13 feb 2011 - 13:23

Ronald Zoodsma wurdt neamd as bûnscoach fan it Nederlânske hearefollybalteam. Hy soe Peter Blangé opfolgje moatte. De Snitser is frege troch technysk direkteur Goedkoop. Der soene fjouwer gadingmakkers foar de funksje wêze.

Zoodsma is no coach fan de heareploech fan Lycurgus. De Grinzers steane oan kop yn de A-League. Zoodsma is âld-spiler fan Oranje en wûn sulver by de Olympyske Spelen yn Barcelona.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)