Cambuur yn selde opstelling

Cambuur sil moandei yn de útwedstriid tsjin FC Emmen yn deselde opstelling begjinne as freed tsjin Eindhoven. Dy wedstriid waard troch Cambuur mei 2-1 wûn.
Op de lêste training ûntbrutsen Mark de Vries, Sandor van der Heide en Oguhzan Türk. Sy hawwe alle trije lytse blessueres, mar kinne nei alle gedachten wol spylje. Cambuur hopet yn de rin fan de wike in kontrakt ôf te sluten mei Alexander Prent. De oanfaller traint al mei by Cambuur.