Ried: fierder mei Van Klaveren

13 feb 2011 - 11:18
  • Boargemaster Van Klaveren

De ried fan Weststellingwerf hat unanym besletten om boargemaster Gerard van Klaveren foar te dragen foar werbeneaming. Van Klaveren hat syn earste amtstermyn der yn july opsitten.

De fertrouwenskommisje, dêr't alle fraksjefoarsitters ynsitte, wol noch wol seis jier fierder mei Van Klaveren. De Kommissaris fan de Keninginne jout dat troch oan de minister fan Binnenlânske Saken. Dêrnei nimt it kabinet in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)