Mear omtinken sport plattelân

13 feb 2011 - 08:33
  • Minister Schippers

Sport moat op it plattelân mear stimulearre wurde. Dat sei minister Schippers fan sport sneon by it G-Futsaltoernooi yn Sint Nyk. Neffens de minister is der in protte omtinken foar sport yn de grutte stêden, mar bart dat bygelyks yn Fryslân noch te min.

Sportfoarsjennings moatte neffens Schippers foar eltsenien berikber wêze. De bedoeling is bygelyks dat coaches út ferskate plakken mei-inoar gearwurkje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)