Leenstra en Wüst 3e op 500

Marrit Leenstra (argyffoto: Sportfoto.nl)
Marrit Leenstra en Ireen Wüst binne op de earste ôfstân, de 500 meter, fan it WK yn Calgary tredde wurden. Beide froulju rieden 38,53. Foar Marrit Leenstra wie dat in persoanlik rekôr. Har âlde toptiid wie 38,87.
De 500 meter waard wûn troch de Kanadese Christine Nesbitt, de wrâldkampioene op de sprint, yn 37,72. Karolina Erbanová fan Tsjechië waard twadde yn 38,22. Martina Sábliková, regearend wrâldkampioene en opnij favoryt, waard fjirtjinde yn 39.49.