Foarstel Donner 'goed begjin'

12 feb 2011 - 16:38

It foarstel fan minister Donner foar in nije taalwet Frysk is 'in goed begjin'. Dat seit foarsitter Corrie Hartholt fan it steatekomitee Frysk yn in earste reaksje. Hartholt is wiis mei it foarnimmen fan Donner om de posysje fan it Frysk op de rjochtbank en by de oerheid better te regeljen, mar der is neffens har mear nedich.

Ek de posysje fan it Frysk op skoalle en yn de media moat better regele wurde, fynt Hartholt. Donner krijt hjir advys oer op tongersdei 3 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)