Sjinkie Knegt 4e yn finale WB

It is shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea net slagge om op de wrâldbekerwedstriden yn Moskou yn de prizen te riden. Knegt helle sneon noch wol de A-finale fan de 1000 meter, troch yn de heale finales nei in twadde plak te riden.
Yn de finale waard de 21-jierrige Fries fjirde. Hy waard ûnder oare hindere troch de fallende Olympysk kampioen Francois Hamelin út Kanada. Winner fan de 1000 meter waard de Súd-Koreaan Byeong-Jun Kim.