Avanti docht goeie saken

Avanti
De sealfuotballers fan Avanti út Stiens hawwe freedtejûn mei 6-4 wûn fan AORC út Amsterdam. Troch dizze oerwinning hâldt Avanti oansluting mei de boppeste fjouwer plakken yn de kompetysje. Avanti spile in goeie earste helte. By it skoft wie it dan ek al 5-0 foar de ploech út Stiens.
Yn de twadde helte waard it noch spannend troch fjouwer doelpunten fan de Amsterdammers.