Oskar wer yn de loft
Nei goed trije jier radiostilte is de lokale stjoerder fan Skarsterlân, Oskar, sneontejûn wer yn 'e loft. Om 21.00 oere kin op dy stjoerder live in konsert folge wurde fia de ynternetside www.oskarradio.com.
Op 30 desimber 2007 gie de stekker der by Oskar út. Der wiene te min frijwilligers en ek hie it bestjoer fan doe gjin opfolgers. Mooglik dat Oskar op termyn ek wer fia de eter útstjoere sil.