Politisy socht foar parlemint

De provinsje siket minsken dy't ea ris meidien ha oan it Frysk jeugdparlemint en no noch polityk aktyf binne. Yn de steateseal fan de provinsjehûs wurdt takom moanne foar it tweintichste jier it Frysk Jeugdparlemint organiseard.
Dit is in evenemint dêr't skoalbern op it provinsjehûs yn de kunde brocht wurde mei it wurk fan provinsjale steaten. De politisy fan no moatte de jeugd dúdlik meitsje dat it wichtich is om aktyf te wêzen yn de polityk.