Lytse oerwinning SC Cambuur

11 feb 2011 - 23:06

Sportklup Cambuur hat thús mei 2-1 fan FC Eindhoven wûn. De besikers begûnen better oan de wedstriid, mar nei 20 minuten soarge Bob Schepers mei in moai skot foar de 1-0 foar Cambuur. Fan dat momint ôf hearske de thúsploech en yn de twadde helte makke Oguzhan Türk de 2-0.

Dêrnei koe Cambuur gjin dien wurk meitsje (Mark de Vries rekke de latte) en waard it oan de ein noch spannend. In penalty fan Van Boekel soarge foar 2-1, mar fierder kaam Eindhoven net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)