Foardielich swimme Blomketerp

Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer organisearret sneintemiddei in survival swimfeest. It giet om in ludike aksje fanwege it beslút fan B&W fan Frjentsjerteradiel it swimbad op 1 juny definityf te sluten. De gemeente woe it bad ferkeapje mar koe gjin geskikte oernamekandidaat fine. Twa partijen hiene ynteresse mar woene it bad oernimme sûnder der jild yn te stekken.
Sneintemiddei kin elkenien foar 1 euro swimme.