'Taleburo moat jild hâlde'

11 feb 2011 - 21:01

Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT moat syn subsydzje hâlde oant der in Taalsintrum Frysk oprjochte is. Dat fynt de CDA-steatefraksje. Der wie sprake fan dat de subsydzje op 1 jannewaris 2011 stopset wurde soe, mar provinsjale steaten hawwe dêr noch net in beslút oer naam. Twa jier lyn is besletten om in taalsintrum Frysk op te setten, mar dat is der noch net. Salang't dat net safier is, moat it Europeesk Buro foar Lytse Talen syn jild hâlde, fynt it CDA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)