Meindertsma haadtrener Boys

Peter Meindertsma (foto: Sportfoto.nl)
Harkemase Boys giet fierder mei Peter Meindertsma as haadtrainer, dat hat it bestjoer freed bekend makke. Ein desimber is Meindertsma (35) as ynterim trainer begûn mei syn taken as opfolger fan Henk de Jong. Yn earste ynstânsje foar de rest dit seizoen. Hy hat no in kontrakt foar noch in jier krigen.
Meindertsma hellet goeie resultaten mei de Boys. Sa waard wûn fan IJsselmeervogels en Flevo Boys. Tsjin Rijnsburgse Boys waard it 4-4.