Bliidskip by Fryske Egyptners

Egyptners yn Fryslân binne bliid dat presidint Mubarak freedtemiddei dochs ôftreden is. Tongersdeitejûn waard dat eins al ferwachte, mar nei in taspraak fan de Egyptyske presidint waard dúdlik dat er net fuort woe.
Miljoenen minsken yn Egypte ha de ôfrûne wiken demonstreard tsjin Mubarak. De protesten op ûnder oare it Tahrirplein yn Kairo waarden alle dagen ek folge troch Egyptners hjir yn Fryslân. Ien fan har is Samy Ghattas út Stiens.