Fryslân:sels prate oer kultuer

11 feb 2011 - 15:07

It kabinet en de Twadde Keamer witte goed dat Fryslân sels oerlizze wol mei steatssiktaris Zylstra oer it jild foar Oerol, it Princessehof, Tryater en Tresoar. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries. By in rûne-tafel-petear yn Den Haach waard freed op 'e nij in lobby fierd. Earder dizze wike barde dat ek al.

Steatssiktaris Halbe Zylstra wol tenei allinnich mei de njoggen grutste stêden fan Nederlân oerlizze oer jild foar kulturele ynstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)