FNP: prate oer kultuerbelied

11 feb 2011 - 14:24

Steatssiktaris Halbe Zijlstra fan Kultuer moat útlizze wêrom't hy net om tafel wol mei de provinsje om te praten oer kultuerbelied. Senator Hindrik ten Hoeve fan de Onafhankelijke Senaats Fractie OSF yn de Earste Keamer sil de kwestje oan de oarder stelle. En dêr bliuwt it net by. De FNP pakt de kwestje ek op yn provinsjale steaten.

De FNP freget in ynterpellaasjedebat oan. Ten Hoeve sei dat freed by de start fan de FNP-kampanje yn Stiens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)