Sloopwurk oan spoar stillein

11 feb 2011 - 12:02
  • De trein nei Ljouwert op it stasjon fan Grins

It sloopbedriuw dat yn Grins dwaande is mei it ôfbrekken fan it eardere fabryk fan de SuikerUnie neist it spoar nei Ljouwert, hat it wurk foarearst stillein. Earder dizze wike foel der sloopmateriaal flak neist it spoar, op it momint dat dêr krekt in trein foarby kaam wie.

Spoarbehearder Prorail krige dat tongersdei te hearren en luts fuort oan de bel. Der sil no earst oerlein wurde mei Prorail en Arriva, foardat der fierder sloopt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)