Skriezekriten moatte better

11 feb 2011 - 11:26

De populaasje greidefûgels groeit yn Fryslân allinnich yn gebieten dy't dêr spesjaal foar ynrjochte binne. Dat blykt út in tuskentiids ferslach fan de provinsje. Dy is dwaande om de populaasje fan de fûgels op in heger peil te bringen. By skriezekriten wurkje boeren, jagers en natoerbehearders gear om de fûgel de romte te jaan. Fryslân hat der no 129.

Bûten dy gebieten rint it tal fûgels werom. It rêdingsplan foar de skries rint oant 2013.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)