3 himpplantaazjes yn Drachten

De plysje hat tongersdei op trije plakken yn Drachten himpplantaazjes oprôle. Yn in hûs oan de Boargemaster Wuitewei waard in kwekerij mei 400 planten fûn, yn in hûs oan de Nova Cura stiene 240 planten.
De grutste fynst die de plysje yn in flat oan de Zetveld. Dêr lei 10 kilo himp te droegjen. Neffens de plysje hat dat in ferkeapwearde fan sa'n 30.000 euro. De plysje hat mei-inoar fiif minsken oanhâlden fanwege belutsenheid mei de himpplantaazjes.