Famke ferwûne by oanriding

By in oanriding by Bûtenpost is freedtemoarn in 13-jierrich famke fan Jistrum slim ferwûne rekke. By de oanriding wiene in fytser en in scooterrider belutsen. Dy kamen op de Vaart mei-inoar yn botsing.
It famke is oerbrocht nei Universitêr Medysk Sintrum UMCG yn Grins. By de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynset. Om wa't it giet en hoe't it ûngelok gebeure koe is noch net bekend.