Ranchwenjen wurdt ûndersocht

Net elkenien is it iens mei it plan
Der komt definityf in ûndersyk nei de helberens fan ranchwenjen yn it Paradyske. Dat hat de gemeenterie fan Kollumerlân besletten. De ferwachting is dat it ûndersyk oer in healjier klear is.
Yn it Paradyske tusken Kollum en Bûtenpost soene 50 ranchwenten mei in flinke lape grûn komme moatte foar rike hynderleafhawwers fan bûten de provinsje. It ûndersyk moat oantoane oft it finansjeel út kin en oft der draachflak foar is.