Froulju It Fean koprinner

10 feb 2011 - 21:47

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha de thúswedstriid mei 2-1 fan Willem II wûn. Alle doelpunten foelen nei it skoft. Sylvia Smit en Shanice van de Sanden setten de thúsploech op in 2-0 foarsprong. Nikki van de Pas brocht de spanning yn de 82ste minút werom.

By de Feanster froulju makke de 15-jierrige Jessica Jurg har debút as keepster. It talint spile ferline jier noch by Annen en kaam ek út foar SC Cambuur. Dit seizoen spilet se foar Oranje Nassau en no ek SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)