Saken oplost nei anonime tips

De Fryske plysje hat yn 2010 mear as 20 saken oplost mei help fan tips dy't fia de stichting Meld Misdaad Anoniem binnen kaam binne. Dat docht bliken út de jiersifers fan de stichting.
Mei help fan de tips koe de plysje 300 kilo yllegaal fjoerwurk yn Surhústerfean yn beslach nimme, himpkwekerijen oprôlje en de oerfaller fan it tankstasjion oan de A7 by Terwispel oanhâlde. Yn de saak fan de moard op Redmar Smedema yn Club Q bellen sân minsken anonym mei tips.