Aris en Miller út elkoar

10 feb 2011 - 17:38

Coach Pete Miller krijt gjin nij kontrakt oanbean by de basketbalklup Aris. Nei dit seizoen komt der in ein oan de suksesfolle gearwurking. Miller hat trije jier coach west en wist mei syn team ferline jier yn de heale finales fan de play-offs te kommen. Ek dit seizoen docht Aris it goed, se steane op in fyfde plak.

It bestjoer woe op tiid dúdlikheid jaan oan de coach. De klup kiest foar in frisse wyn en sil op syk nei in opfolger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)