Riedslid Walrecht hâldt op

10 feb 2011 - 17:15

Jan Walrecht hâldt op as PvdA-riedslid yn Skarsterlân. Hy wie acht jier riedslid yn de gemeente Smellingerlân, wêrfan fjouwer as fraksjefoarsitter. Dêrnei wie er foarsitter fan it gewest Fryslân. Fan 2006 oant 2010 wie er wethâlder yn Skarsterlân.

Nei de ferkiezings kaam de PvdA net werom yn it kolleezje sadat Walrecht riedslid waard. Nei in jier fielt er him net mear genôch belutsen en motivearre. Walrecht wurdt opfolge troch Johan Dijkstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)