Omrin ferkeapet oandiel Jager

10 feb 2011 - 16:03

Omrin hat de oandielen yn Jager Midwolde ferkocht oan de Dusseldorp Groep. Omrin hie noch 51 prosint fan de oandielen fan Jager Midwolde. Dat bedriuw sammelt foaral bou- en sloopôffal yn. De Dusselgroep hie sûnt 2008 al 49 prosint fan de oandielen yn besit.

Neffens Omrin paste it wurk fan Jager Midwolde net langer binnen it eigen takepakket. By Jager Midwolde wurkje 140 minsken. De Dusseldorp Groep telt 600 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)